Mijn wereld

Welkom in mijn wereld van woorden, gedachten en spinsels.

Sweltsje

Samar ynienen

list do dysels falle

sweefjend op’e azem fan God


om dan troch de thermiek

omheech dreaun te wurren

nei de himel

krekt as sist do op wei nij hús


God jout,

njonken de wjukken,

ek de wyn wêropsto sweefje meist

***

Finger

Mei in finger kin ik dy oanwize op in foto,

dy yn tinzen hâlde lykas ik it wol 


mar mei gjin hân mear kin ik dy oanreitsje 


of skouderklopjend njonken dy stean 


doch ik myn hannen net mear tegearre mei dyn hannen

bisto libjend oantinken foar my

***

Efkes sitte


Heit

litte wy,

yn alle rêst,

hiel efkes sitte


Do

en

ik


en fierder nimmen dy ús sjocht

of heart


En dat ik dan de fragen stel

wêr ik al jierren fan dream

of wekker fan lis


En datsto,

samar ynienen,

hiel earlik bist

oer doetiids 


wêrnei wy tegearre gûle

om wat der wie

om dêrnei te bouwen oan in takomst.


ik puzel de fragen

puzelt heit de antwurden?


Heit

litte wy

yn alle rêst

hiel efkes sitte...


***

Skrieme



Yn de dagen

fol mei sinne

en de wrâld fan swiere pine

sil ik skrieme oan’t de moarn

want de leafde is ferstoarn



Yn de dagen

fol mei sinne

wrakselje ik eltse dei

nei de moarn fan disse pine

wer’t de sinne skine mei



Yn die dagen

folle fragen

nea wer “heit” en nea wer “mem”

wit ik ûntank alle fragen

ea wer hear ik jimme stim



No noch deade stimmen sille

op’e dei dat Kristus komt

Brûzjend lûd van poere wille

sjonge sa dat elts ferstomt


Nea wer skrieme, nea wer pine

nea wer wat us no ferteard

nea wer tûzend deaden, skine

inkeld noch de Blide Dei

***

Tinzen by hjoed

Seis jier

Dy dagen binne allang ferline tiid. 
it ôfskie is vergroeid nei wat wy noch te binnen bringe:

It dragen fan in lichem nei in grêf


wêrmei wy eins in libben lieten omleechgean yn ús tinken en,

nei dy faze, neamden wy dat dan “misse”.


En, wer jierren letter, neame wy dan dyn namme

en tinke oan de dagen fan allang ferline tiid


wêrmei wy eins ús wer te binnen bringe

dat elke stap yn dat gemis

ientsje rjochting in moeting is

***